Friezendroapen Hilgelân 2016

Hertlike útnûging

Fan 2 oant en mei 5 juny 2016 fynt de Friezemoeting (‘Friesendroapen’) fan de trije Fryslannen plak op Hilgelân (‘Helgoland’). De Ynterfryske Rie nûget neffens in fêste tradysje om de trije jier de Friezen út de seksjes West-, East- en Noard-Fryslân út om inoar dêr te moetsjen. Foar de earste kear makket tongersdei (2 juny) ek diel út fan it programma – wa’t dat wol, kin sadwaande syn ferbliuw op Hilgelân mei in dei ferlingje. Oankomst op freed (3 juny) is likegoed mooglik (dan sille wierskynlik de measte dielnimmers komme).

Foar de earste kear wurdt ek in roeiwedstriid  mei ‘Börtebooten’ holden. Boppedat hearre 

ûnderskate wurkwinkels, in mienskiplike feestjûn en op snein in tsjerketsjinst mei in optocht oer it eilân ta de ûnderdielen fan it programma fan de Friezemoeting. Dêrby mei de ûnderlinge útwikseling en it gesellige byinoarwêzen net oan de krapperein komme.

De ‘Seksje East’ sjocht as organisearjende seksje fan de Ynterfryske Rie út nei jo/jimme komst. 

 

Helmut Collmann, Präsident des Interfriesischen Rates 

   

Alle Einzelheiten zum Treffen 2016 sind hier erhältlich:

 

Einladung / Inlååsing / Utnoeging / Lenledenge

Archiv Helgolandtreffen 2013:

http://www.friesenrat.de/inside/jpg/2013_lun/index.html