Freed 12 juny 2009 is middeis yn it ramt fan it 24ste Ynterfrysk Kongres de nije mienskiplike flage fan de 3 Fryslannen foar it earst hyst oan it stedhûs fan Leer (Leer, East-Fryslân). De moderne flage is ta stân kommen troch de Ynterfryske Rie, sjoch hjirûnder.
Foarôf. De groep fan Auwerk hat twa jier yn’e war west om te kommen ta in mienskiplike Fryske folksflage. Yn septimber 2006 waard dy oanbean en op persoanlike titel ûntfongen troch Roel Kaastra, de foarsitter fan de Fryske Rie. It is in flage yn de Skandinavyske tradysje, dus mei in (wyt mei blau) krús der yn (yn it giel), en mei 4 pompeblêden. De groep fan Auwerk hat de flage yn 2007 by it Friesendroapen op Hilgelân oanbean oan de Ynterfryske Rie. Dy hat fanwege bepaalde beswieren de flage net akseptearre kind, mar dit barren hat wol de oanlieding west om dochs te kommen ta in mienskiplike Fryske flage. De groep fan Auwerk hat hjir dus wer treflik wurk dien, as inisjator.
It deistich bestjoer fan de Ynterfryske Rie hat doe opdracht jûn oan trije saakkundigen, út elke seksje ien, om mei foarstellen te kommen foar in mienskiplike flage.Nei mear as 50 ferskillende modellen, ek oanlevere troch oaren, bleaune trije alternativen oer:
1. In histoaryske flage mei twa oansjende liuwen en 9 silveren peinjes
2. In tradysjonele indo-europeeske flage mei trije balken
3. In moderne flage.
Op 25 april 2009 hat de ledegearkomste fan de Ynterfryske Rie mei grutte mearderheid de moderne flage keazen as mienskiplike Fryske flage. De histoaryske flage is ûnderwilens yn grutte halen oernommen troch West-Fryslân en troch de boargemaster fan Hoorn oanbean oan it Westfries Genootschap op 8 septimber 2008! Fan belang is dat de nije Ynterfryske flage net yn it plak komt fan de trije flagen fan ús Fryslân, East Fryslân en Noard Fryslân en de flagen fan de oare Fryske gebieten sa as Sealterlân, Lân Wûrsten, Hilgelân ensfh.
It oarspronklike ûntwerp fan de keazen flage is fan de Noardfryske Charly Rickmers, út Olersem op Feer. Yn mienskiplik oerlis is dêr noch wat oan feroare.
De mienskiplike Fryske flage hat de neifolgjende betsjutting:
It is in ring gearstald út de trije flagen fan de Fryslannen op Europablauwe eftergrûn.
A. De eftergrûn is it blau fan de Europaflage. De Friezen binne oertsjûge Europeanen, wat hja al ta útering brochten yn it Frysk Manifest dat op 28 augustus 1955 by it sechste Frysk kongres yn Auwerk fêstlein waard. De Friezen wiene by de earsten dy’t de Europeeske gedachte foarm jûn ha, doe’t hja yn 1955 festleine: “De tiid ferget greater forbannen. De trije Fryslannen sizze fan herten ja op alle stribjen, dat ta de ienheit fan Jeropa liede kin.” Dizze Europeeske ynset fan de Friezen wurdt ta utering brocht troch de dominante eftergrûnkleur “Europablau” yn de flage.
B. De besteande flagen fan de trije Fryslannen (Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân) binne neffens geografyske lizzing oanjûn yn in sirkel, dus de pompeblêden linksûnder, East-Fryslan rjochts ûnder en Noard-Fryslân boppe. De sirkel symbolisearret alle Friezen, dy’t meiinoar ferbûn binne. De sirkel stiet foar ienheid, sûnder ein. De trije sektoaren mei de trije flagen reitsje elkoar en jouwe bliken fan it gefoel fan ienheid nettsjinsteande de besteande opdieling-yn-trijen fan de Friezen. De ferskillen tusken de trije sektoaren steane foar it ferskaat fan de Friezen yn ienheid en ienriedigens.
C. De ûnderdielen fan de trije sektoaren binne:
Noard: goud – read – blau
Goud as de himel, read as de sinne en blau as de see
East: swart – read – blau
Swart fan de Cirksena’s,
read fan Tom Broke en
blau foar it Harlingerland
(Sjoch it boek De Fryslannen foar mear ynformaasje!)
West: wyt mei sân reade pompeblêden en blau
it wyt, it blau en de pompeblêden binne fan de Fryske flage. De pompeblêden binne symboalen fan Fryske flagen út de iere midsieuwen. It tal “sân” hat te krijen mei de sân Fryske Seelannen.
De mienskiplike Fryske flage is beskikber yn de formaten 100 x 150 en 150 x 225 cm. De kosten binne € 25 foar de lytse en €70 foar de grutte, plus kosten. Foarearst te bestellen
by Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
Frasche Rädj
Friesenrat Sektion Nord e.V.
Friisk Hüs
Süderstrasse 6
D - 25821 Bräist / Bredstedt, NF
T 04671 / 602 41 50 (geschäftsfäärer Frank Nickelsen)
T 04671 / 602 41 51 (sekretäär Anni Karnebogen)
E Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
w www.friesenrat.de